Joshua Chamberlain (folút: Joshua Lawrence Chamberlain al wied er berne as Lawrence Joshua Chamberlain; Brewer (Maine), 8 septimber1828 – Portland (Maine), 24febrewaris1914), wie in tige leard Amerikaanskheechlearaar fan wa't in elk swetste oer hoe freonlik oft er yn 'e omgong wie. Hy rekke lykwols ferneamd doe't er ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch as kolonel yn 'e Slach by Gettysburg de oanfal fan 'e Súdliken op in krúsjaal diel fan it slachfjild weromsloech (mei in bajonetoanfal noch wol), en sa de bynammeLion of the Round Top ("Liuw fan 'e Rûntopheuvel") wûn. Nei it treffen op 'e Quaker Road, dat him hast fataal waard, kaam er ek bekend te stean as Bloody Chamberlain ("Bloedige Chamberlain"). Hy focht noch yn ferskate oare fjildslaggen mei en beëinige syn militêre tsjinst as generaal-majoar. Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch brocht Chamberlain it ta gûverneur fan syn thússteat Maine. Uteinlik kaam er dochs noch te ferstjerren as gefolch fan 'e ferwûnings dy't er yn 'e oarloch oprûn hie.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.